Hjoed-de-dei fine we it gewoan dat we ierdgas ha. Mar oant de ein fan de jierren sechtich wienen der op tal fan plakken noch saneamde gashâlders: opslachplakken fan gas út cokes. Fan ‘e wike is de útstalling “De Heerenveense Gazfabriek” iepene. It jout in byld fan de gasfoarsjenning yn de foarige ieu. Al yn 1858 boude de Utrechtse Gazonderneming in fabryk yn it Fryske Haachje. Tonny van der Ven ( links) en Rinze van der Wal ( rjochts) fertelle oer it âlde fabryk. De útstalling “De Heerenveense Gazfabryk” is te sjen yn de biblioteek op It Hearrenfean. Klik op de foto om de uitzending te beluisteren